Praat mei oer it Frysk yn Opsterlân

De Fryske taal is in belangryk ûnderdiel fan de identiteit fan in soad ynwenners fan Opsterlân. It hjoeddeiske taalbelied rint dit jier ôf, en dêrom makket de gemeente nij belied foar 2026 en fierder. Dat dogge wy net allinnich: jo miening telt!
 

Mei in enkête wolle wy ûnderfiningen, winsken en ideeën sammelje. Wat fine jo fan it hjoeddeiske taalbelied? Hoe belibje jo it brûken fan it Frysk yn de iepenbiere romte? En watfoar kânsen sjogge jo foar de takomst?

Jo ynbring helpt ús it belied te ferbetterjen. Sa kinne wy better oanslute by wat jo wichtich fine.
Jo kinne de enkête ynfolje oant en mei 28 novimber, sawol online as op papier by de gemeentebaly.

Doch mei en lit jo stim hearre!

De Friese taal is een belangrijk onderdeel van de identiteit van veel inwoners van Opsterland. Het huidige taalbeleid loopt dit jaar af, en daarom maakt de gemeente nieuw beleid voor 2026. Dit doen we niet alleen: uw mening telt!

Via een enquête willen we ervaringen, wensen en ideeën ophalen. Wat vindt u van het huidige taalbeleid? Hoe beleeft u het gebruik van het Fries in de openbare ruimte? En welke kansen ziet u voor de toekomst?

Uw inbreng helpt ons het beleid te verbeteren. Zo kunnen we beter aansluiten bij wat u belangrijk vindt. 

U kunt de enquête invullen tot en met 28 november, zowel online als op papier bij de gemeentebalie.

Doe mee en laat uw stem horen! 

Meer nieuws

Meer informatie?

Heeft u nog vragen? Ga naar de pagina Belastingen of 

Neem contact op met het Publiekscentrum

Gemeente Opsterland