It Frysk meijaan oan de jeugd: Gemeente Opsterlân lansearret lêsprojekt ‘Opsterlân Lêst’
Op tongersdeitemoarn 5 novimber is yn Sportsintrum Koartsweagen op de Gordyk it projekt 'Opsterlân Lêst' feestlik lansearre. Wethâlder Bert Koonstra oerlange, tegearre mei skriuwster Tialda Hoogeveen en yllustrator Yke Reeder en berneboek-ambassadeur Linda de Haan, it Fryske berneboek ‘Abe en de Aardichman’ oan de groep fiif fan skoalle Loevestein. Mei dit projekt set de gemeente in konkrete stap om de Fryske taal mei te jaan oan in nije generaasje Opsterlanders.
It projekt 'Opsterlân Lêst' is in gearwurking tusken de gemeente Opsterlân en de Biblioteek Súdeast-Fryslân (BZOF). Yn dit inisjatyf krije alle bern út de gemeente dy't yn groep 5 sitte in Frysk berneboek as bysûnder taalkado. Der is keazen foar it boek ‘Abe en de Aardichman’.
Lansearring
Nei de iepening troch wethâlder Bert Koonstra liezen skriuwster Tialda Hoogeveen en yllustrator Yke Reeder foar út it boek. Abe en de Aardichman giet oer Abe, dy't krekt ferhuze is en op syk is nei nije freontsjes. Yn syn achtertún komt er ynienen in 'aardichman' tsjin: in tinkbyldich freontsje. By de lansearring tekene yllustrator Yke Reeder live in aardichman, wêrnei't de bern sels ek oan de slach giene om der ien te meitsjen. Ta beslút oerlange Berneboek-ambassadeur Linda de Haan feestlik it earste eksimplaar oan de bern.
Fryske taal
Foar de gemeente is it stimulearjen fan de eigen taal in wichtich spearpunt. Wethâlder Bert Koonstra leit út: “De Fryske taal is ûnskiedber ferbûn mei de identiteit fan Opsterlân. Wy fine it as gemeente tige wichtich dat we derfoar soargje dat alle Opsterlânske bern it Frysk meikrije. Mei in prachtich boek as 'Abe en de Aardichman' bringe we it Frysk op in tagonklike en foaral leuke wize de klasse en de húskeamer yn."
Beliedsplan Mei-inoar Frysk
It projekt ‘Opsterlân Lêst’ is ûnderdiel fan it taalbeliedsplan ‘Mei-inoar Frysk’ fan de gemeente Opsterlân. Dêrmei wurdt ûnder oare beëage om it Frysk mei te jaan oan de jongerein en de taal te befoarderjen en te fersterkjen. Njonken dit jierlikse taalkado foar de learlingen fan groep 5, wurde der de kommende jierren mear projekten útfierd binnen it ramt fan dat Fryske taalbelied. Sa krije alle basisskoallen yn de gemeente in spesjale Fryske lêskiste fol berneboeken, om de lêswille yn it Frysk bliuwend te stimulearjen.
Foto's


