Histoarje

Al om en de by 150.000 jier foar Kristus wennen der minsken yn Opsterlân. It bewiis dêr fan is de fûnen ‘fûstbile fan Weinterp’. Opsterlân hjitte doe fansels noch net sa.

We witte dat der om en de by 15.000 jier foar Kristus ek minsken libbe hawwe yn Opsterlân. Fan de tuskenlizzende perioade hawwe we gjin bewiis fan minsklike oanwêzichheid. Dat der om en de by 15.000 jier foar Kristus hjir minsken libbe hawwe, witte we troch de foarwerpen dy’t op it grûngebiet fan Opsterlân fûn binne. Yn it Frysk Museum kinne jo stiennen ark, brûnzen foarwerpen en diggels ierdewurk út Opsterlân bewûnderje.

De namme Opsterlân waard foar it earst brûkt yn 1395, al wie it yn in wat oare foarm as no. De namme wie doe Upsateraland. Up is ”op” en sater is ”sittende op”. Opsterlanners binne dus ”opsitters”, de heech wenjende minsken op it sân. Ek de namme Superhaudmare komt foar yn de 14e ieu as oantsjutting foar dizze streek. Frij fertaald besjut dit boppe-haad-stream. Dy haadstream is dan de rivier, dy’t it hert fan Opsterlân foarmet. It is de rivier It Alddjip (Koningsdiep). Opsterlân is no bekend om syn fraaie bosken om Beetstersweach, Olterterp, Wynjewâld en Bakkefean hinne. Dat hat net altyd sa west.

Lânskip

De oanlis fan de bosken begûn yn de 18e ieu en fûn benammen yn de 19e ieu plak. Dêr foar wie it lânskip fan Opsterlân iepen en rom. Yn dy romte leinen de doarpen ferspraat by it Alddjip lâns. Grutte heidefjilden en ûntagonklike feangebieten bepaalden it byld fan Opsterlân yn dy tiid. Yn de 18e ieu waard dit heechfean yn it grut ôfgroeven troch de feankompagnijen.

Foar de ôffier fan turf út dy hege feanen waarden fearten en kanalen groeven, hjirtroch feroare it lânskip radikaal. Yn dy tiid binne ek de doarpen De Gordyk, Bakkefean en it tsjintwurdige Fryske Peallen ûntstien. Doarpen as Lúkswâld, Langsweagen, Koartsweagen, Terwispel, Lippenhuzen, De Himrik, Wijnjeterp en Duurswâld oan de súdside en (Ald)Beets, Beetstersweach, Olterterp, Oerterp en Sigerswâld oan de noardside fan de gemeente binne folle âlder. Dy âldere doarpen wienen doarpen fan boeren, dy’t it benammen hawwe moasten fan lânbou (rogge en boekweit). Wol wienen der ek kij en skiep, mar dy waarden benammen hâlden om de dong. It hea foar dit fee waard foaral út it net bewenne gebiet yn it westen fan de gemeente helle oer fêste paden (heapaden).

Yn it begjin fan de 19e ieu waard begûn mei it winnen fan turf út dizze healannen. It gie hjir om leechfean. De ûndernimmers en de fêste arbeiders, dy’t dit leechfean ôfgroeven wienen foar in grut part ôfkomstich út de kop fan Oerisel (de saneamde Gietseren). Sy binne de grûnlizzers fan de doarpen De Tynje en Nij Beets. De famyljenammen Bron, Lok, Krikke, Meester, Schokker, Dam, dogge ús noch tinken oan dy Oeriselske foarâlders. Ek yn Lúkswâld hienen hja te meitsjen mei ymmigranten. Yn 1749 telde dat doarp 9 ynwenners, yn 1815 wienen dat der 311, wêr fan it grutste part yn 1855 al wer fuortgien wienen. Troch de leechfeanûntginning ûntstie yn it westen fan de gemeente grutte plassen en puollen. Yn de 19e en ek yn de 20e ieu binne dy plassen droech meald en binne de stikken grûn dy’t droech fallen binne ûntgûn en dêrnei as weidegrûn yn gebrûk nommen.

De skiednis fan de feanôfgravingen is in skiednis fan ûnfoarstelbere earmoede en fan ûnminsklik lijen. Sosjale ûnrêst wie it gefolch, benammen yn de leechfeangebieten by De Tynje en Nij Beets. De namme fan Domela Nieuwenhuis hat in ûnferjitlike yndruk makke yn de histoarje fan dy beide doarpen. Yn Beetstersweach en Duurswâld wienen gjin feanôfgravingen. Yn Beetstersweach wennen lykwols wol de belangrykste minsken foar de feankompagnijen, sa as de famyljes Fockens, Van Teijens, Lycklama à Nijeholt. Dy nammen binne ek werom te finen op de list fan de grytmannen, dy’t fan ôf de 13e ieu oant 1851 rjocht sprieken, oanfierders wienen yn de striid, nei bûten ta de gritenij fertsjintwurdigen, koartsein de belangrykste mannen wienen yn de gemeente of better sein de gritenij.

Bestjoer

Der wienen earst twa grytmannen yn Opsterlân, oan beide kanten fan it Alddjip ien. As yn 1550 it geslacht Fockens de rige fan grytmannen begint (oant 1692), dan is der noch mar sprake fan ien grytman. Wol hienen sawol Beetstersweach as Lippenhuzen oan it lest ta fan de 18e ieu elk in rjochtskeamer, dêr’t de grytman rjocht spriek. De grytman wenne yn Beetstersweach. Dit doarp is fan âlds dan ek it plak dêr’t it gemeentebestjoer en de gemeentesekretary festige is. Allinne yn de Frânske tiid wie de gemeentesekretary op De Gordyk festige.  

Oarloggen en plondertochten

De skienis fan Opsterlân is net ien fan in soad kriichsgeweld, alhoewol yn 1231 de Friezen en de Drinten elkoar by Bakkefean te liif gienen. Ek om de 80-jierrige oarloch hinne binne der ynfallen en plonderingen west en soargen ynkertierde soldaten yn 1672-73 foar oerlêst. Dit binne mar beheinde skermutselingen yn de lange skiednis fan Opsterlân. Sichtbere oantinkens oan spannende tiden binne de skânsen oan de grinzen, by Fryske Peallen (de noch besteande ‘Zwartendijksterschans’) en by de ‘Breeberg’ súd fan Wynjewâld. Yn 1673 waard hiel De Gordyk in festing, dêr’t it kultureel sintrum/ sportseal ‘De Skâns’ yn dat plak syn namme troch krigen hat.