Gemeentegids

As ynwenner fan Opsterlân krije jo alle jierren de gemeentegids op de matte. De gemeentegids is in handige paadwizer foar sawol ynwenners as nijkommers yn de gemeente. Jo fine yn de gids ynformaasje oer de gemeentlike organisaasje, nijsgjirrichheden en praktyske saken sa as it oanfreegjen fan in paspoart. Dêrnjonken biedt de gids in sa kompleet mooglik oersicht fan adressen, telefoannûmers fan organisaasjes en ferienigingen yn (en om) de gemeente Opsterlân.

Digitale gemeentegids

De gemeentegids is digitaal te rieplachtsjen op http://opsterland.smartmap.nl/. Yn de digitale gemeentegids stiet ynformaasje oer adressen fan de gemeente, pleatslike belangen, biblioteken, skoallen, (sport)ferienigingen, organisaasjes, winkels, ynstellingen, stichtingen, bedriuwen, musea, muzykskoallen, apoteken, wenningkorporaasjes, media, ensafuorthinne. By alle ynformaasje dy’t fûn is kinne jo de rûte nei de winske lokaasje planne.

Papieren gemeentegids ûntfange?

Wolle jo de papieren gemeentegids ûntfange? Jo kinne de gids om ’e nocht ôfhelje by de baalje fan it gemeentehûs yn Beetstersweach. Digitaal oanfreegje kin ek: stjoer dêrfoar in e-mail nei gemeente@opsterland.nl. De gemeentegids wurdt dan sa gau mooglik nei jo ta stjoerd.