Flag, wapen en hússtyl

De gemeente hat in eigen hússtyl. Dy hússtyl fine jo op alle gemeentlike uteringen werom: op nijsbrieven, briefpapier, folders, de website, ensafuorthinne. Njonken de hússtyl is der in gemeentlike flagge en in gemeentewapen. Dy wurde yn it deistich libben minder brûkt, mar jo treffe dy sûnder mis noch earne oan.

Flagge

De gemeenteried hat op 10 april 1963 besletten in gemeenteflagge yn te stellen. De direkte oanlieding hjirfoar wie de besite fan in Israelyske sportdelegaasje út Ra’anana. De flagge is ûntwurpen troch de Fryske Rie Foar Heraldyk. It ûntwurp fan de flagge slút krekt oan by it gemeentewapen. Sa symbolisearret it reade flak de hazze út it gemeentewapen. It griene flak stiet foar de fiif beammen dy’t yn it gemeentewapen steane. De beide wite flakken symbolisearje de sulveren skildkleur. Der is foar in blokfoarmich flak keazen om it ferbân mei de ‘Zevenwouden’ sjen te litten, dêr’t Opsterlân by heart. De flagge fan de ‘Zevenwouden’ bestiet nammentlik út fyftjin blokken fan wyt en grien, ferdield oer trije horizontale banen. Neist de gemeenteflagge ha hast alle doarpen in eigen doarpsflagge. De ferieniging fan Pleatslik Belang fan elk doarp kin jo hjir mear oer fertelle.

Wapen

It Opsterlânske gemeentewapen is net yn ien kear ûntstien. Pas yn 1818 is it wapen sa as we dat no kenne fêststeld. Dêrfoar sieten der grutte ferskillen yn it wapen. Sa is der in kaart fan 1622 dêr’t in segel op stiet mei foar it earst fiif beammen der op. Alle oare symboalen út it wapen waarden mei de tiid ôfwikseljend wol of net brûkt. Yn de earste wapens wie bygelyks allinne in hazze sichtber. Pas yn 1739 kaam de hún foar dy’t we no yn it wapen kenne. Ek is yn de rin fan de jierren de posysje fan de hazze feroare: de iene kear rún de hazze nei links, de folgjende kear nei rjochts. Nei 1818 is it wapen net mear feroare.

De offisjele omskriuwing fan it wapen is: is fan sulver, beladen mei fiif popelier beammen, steande op in griene grûn, dêr’t in hazze fan kiel (read) oer hinne rint, ferfolge troch in hún fan deselde kleur, wêrfan it foarste part mar sichtber is. It skild dekt mei in gouden Kroan. (‘zijnde van zilver, beladen met vijf populier boomen, staande op een groene grond, over dewelke heenloopt een haas van keel (rood), vervolgd door een hond van dezelfde kleur, waarvan het voorste gedeelte slechts zigtbaar is. Het schild gedekt met een gouden Kroon’).

De offisjele kleuren fan it wapen binne:

  • Kiel = read
  • Sinopel = grien
  • Purper = purper
  • Goud = giel
  • Silver = wyt
  • Swart = swart

Hússtyl

It gemeentewapen komt, yn modernisearre foarm, werom yn gemeentlike hússtyl. Sûnt maart 2009 makket de gemeente Opsterlân offisjeel gebrûk fan in dizze hússtyl. De hússtyl soarget derfoar dat alle uteringen fan de gemeenten werkenber binne. Jo fine de hússtyl dan ek op in soad útrinnende uteringen werom: nijsbrieven, briefpapier, folders, brosjueres, website, gemeente-auto’s, ensafuorthinne.

De hússtyl fan de gemeente makket gebrûk fan in oantal kleuren. De belangrykste kleuren steane yn it logo:

  • Donkergrien
  • Giel
  • Read
  • Swart

Njonken de kleuren út it logo, brûkten we de fjouwer ûndersteande kleuren. Dy kleuren symbolisearje it folgjende:

  • Pears: heide
  • Ljochtgrien: gers/groei
  • Blau: ljocht/wetter
  • Brún: grûn/fean