Dit is Opsterlân

De gemeente Opsterlân leit midden yn de Fryske Wâlden yn it súdeasten fan Fryslân. It Opsterlânske lânskip mei bosk, heide, natuergebieten, greidlân, kanalen en feangebieten is unyk yn de regio. Dit lânskip yn kombinaasje mei rêst, romte en in goede berikberens oer de A7 en de N381 makket Opsterlân ta in tige oantreklike wen- en rekreaasjegemeente.

In oantal feiten op in rige:

  • Opsterlân hat 16 doarpen.
  • Der wenje ûngefear 30.000 minsken.
  • It grûngebiet is mar leafst 23.000 hektare grut.
  • De autodyk A7 en provinsjale wei N381 trochkruse de gemeente.
  • Hearrenfean en Drachten binne yn 10 minuten te berikken.
  • Ljouwert en Grins binne yn 30 minuten te berikken. 
  • It lânskip bestiet út bosk, heide, natuergebieten, greidlân, kanalen en feangebieten.
  • De ferfeaningsperioade hat in grutte rol spile yn it ûnstean fan Opsterlân.
  • Yn Opsterlân binne ferskate bedriuweterreinen.
  • Opsterlân hat in soad kulturele nijsgjirrichheden.
  • Jo hawwe yn Opsterlân folle mooglikheden om te oernachtsjen.
  • Opsterlân biedt genôch mooglikheden om te fytsen of te kuierjen.

Promoasjefilm 'Dit is Opsterlân'

Wolle jo in ympresje fan alles wat Opsterlân te bieden hat? Sjoch dan nei de promoasjefilm op ús YouTube-kanaal.