Oer Opsterlân

Moaie lânskippen, rêst en romte, leefberens, goed te berikken, in soad rekreative mooglikheden keunst en kultuer. dát is Opsterlân.

  • Dit is Opsterlân

    De gemeente Opsterlân leit midden yn de Fryske Wâlden yn it súdeasten fan Fryslân. It Opsterlânske lânskip mei bosk, heide, natuergebieten, greidlân, kanalen en feangebieten is unyk yn de regio. Dit lânskip yn kombinaasje mei rêst, romte en in goede berikberens oer de A7 en de N381 makket Opsterlân ta in tige oantreklike wen- en rekreaasjegemeente.

  • Opsterlân yn sifers

    Op 1 jannewaris 2019 telde de gemeente Opsterlân 29.725 ynwenners.

  • Histoarje

    Al om en de by 150.000 jier foar Kristus wennen der minsken yn Opsterlân. It bewiis dêr fan is de fûnen ‘fûstbile fan Weinterp’. Opsterlân hjitte doe fansels noch net sa.

  • Flag, wapen en hússtyl

    De gemeente hat in eigen hússtyl. Dy hússtyl fine jo op alle gemeentlike uteringen werom: op nijsbrieven, briefpapier, folders, de website, ensafuorthinne. Njonken de hússtyl is der in gemeentlike flagge en in gemeentewapen. Dy wurde yn it deistich libben minder brûkt, mar jo treffe dy sûnder mis noch earne oan.

  • Gemeentegids

    As ynwenner fan Opsterlân krije jo alle jierren de gemeentegids op de matte. De gemeentegids is in handige paadwizer foar sawol ynwenners as nijkommers yn de gemeente. Jo fine yn de gids ynformaasje oer de gemeentlike organisaasje, nijsgjirrichheden en praktyske saken sa as it oanfreegjen fan in paspoart. Dêrnjonken biedt de gids in sa kompleet mooglik oersicht fan adressen, telefoannûmers fan organisaasjes en ferienigingen yn (en om) de gemeente Opsterlân.