Turfrûte

De Turfrûte is in rekreative farrûte yn Súdeast Fryslân, west fan Drinte en de kop fan Oerisel.

Rêst, romte en stilte

Mei de bosken, beamwâlen, beekdeltes, heide- en feangebieten, wâldmarren, rivierkes en kanalen is Súdeast Fryslân foar de toeristyske farders in tige oantreklik gebiet. Der is rêst, romte en stilte en der hearsket in gemoedlike en gastfrije sfear. Jo kinne der útpûste en de alledeiske drokte gau ferjitte

It winnen fan turf

It winnen fan turf hat in belangrike rol spile by de foarming fan it âlde kultuerlânskip. Fan it midden fan de 16e ieu ôf binne feangrûnen ôfgroeven. Dêrby is in netwurk fan fearten en wiken ûntstien. It diel fan de Turfrûte dat yn Súdeast Fryslân leit bestiet benammen út dy âlde farwegen, sa as bygelyks de Opsterlânske Kompagnonsfeart. De rêstige farrûte, mei in soad brêgen en slûzen, ferbynt as in sulveren lint de doarpen en natuergebieten yn it prachtige kûlisselânskip.

Mear ynformaasje

Wiidweidige ynformaasje oer de Turfrûte fine jo op www.turfroute.nl/