Fytsrûtenetwurk

It projekt Fytsrûtenetwurk Súdeast-Fryslân jout fytsers de mooglikheid om fan knooppunt nei knooppunt in eigen rûte gear te stallen.

Alle knooppunten hawwe in eigen nûmer en de rûtes derhinne wurde oanjûn mei buordsjes dy’t it paad wize. Op de knooppunten steane panielen mei ynformaasje oer de omjouwing, mar ek oer de ûndernimmingen yn de buert fan it oanbelangjend knooppunt. In 'ideaal' rûntsje is ûngefear 15 kilometer. Sjoch ek nei de knooppuntenkaart dy’t by it fytsrûtenetwurk heart.