Wynjewâld

Wynjewâld (Wijnjewoude) is ien fan de âldere boeredelsettingen yn Opsterlân. Wynjewâld leit tusken Bakkefean en de Himrik flak by de eastgrins fan de gemeente Opsterlân, oan de N31 (Easterwâlde - Drachten).

Duerswâld en Wijnjeterp wienen twa streekdoarpen dy’t yn de lette midsieuwen yn it ferlingde fan elkoar op in sânrêge ûnstien binne tusken it Alddjip (Koningsdiep) en de Tjonger. Se binne yn 1974 gearfoege ta it doarp Wynjewâld. 

De omjouwing is parkeftich en rekreatyf tige oantreklik. De bosken east fan it doarp binne yn de twadde helte fan de 19de ieu oanlein yn opdracht fan de famylje Lycklama à Nijeholt. Wynjewâld is in doarp dêr’t it goed rekreëarjen is. It is in doarp mei in soad kampings, minykampings en natuerkampings. Der binne in protte kuier- en fytsrûtes troch it moaie grien fan Wynjewâld en omjouwing mei as pearel de prachtige Duerswâldmerheide tusken Bakkefean en Wynjewâld. It is it grutste heidefjild fan Fryslân, mei dobben (pingoruïnes) en in keppel skiep.

It ‘Jan Annebos’ besit de idyllysk lizzend wûnder moaie Freulefiver. Op it terrein fan Steatsboskbehear kin men kuierje oer it natuerpaad troch it Wijnterper Skar en tagelyk genietsje fan de poëzy fan de poëzyrûte, in bysûndere kombinaasje fan natuer en literatuer yn trije talen.

Wynjewâld leit ek oan de Turfrûte, de klassike âlde farrûte foar de wetterrekreaasje troch Súdeast Fryslân. Oanlizze kin by it Marrekrite - lisplak by it ‘Velde’s Bosch’ en by ‘Klein Groningen’ tichteby de kearn fan Wynjewâld. Fan dêr út binne der prachtige kuiertochten en fytstochten te meitsjen troch it bosrike eastlike diel fan Opsterlân mei Beetstersweach, De Himrik, Wynjewâld en Bakkefean.

Mear ynformaasje oer Wynjewâld fine jo op http://www.wijnjewoude.net/.