Oerterp

Oerterp (Ureterp) is ien fan de âldere boeredelsettingen op de hegere sânrêgen noard fan it Alddjip (Koningsdiep). It doarp leit inkele kilometers súdeast fan Drachten, oan de wei fan Beetstersweach nei Sigerswâld.

Troch de lizzing tichtby it klaverblêd fan de autodiken A7 (Hearrenfean – Grins) en de N31 (Ljouwert – Easterwâlde) is oerterp fan út alle rjochtingen goed te berikken. Nettsjinsteande dat Drachten tichtby leit as fersoargjende kearn, hat Oerterp foar de omlizzende doarpen (Fryske Peallen, Sigerswâld en Wynjewâld) ek in fersoargjende funksje.

Oerterp is nei De Gordyk it twadde doarp fan de gemeente Opsterlân. Troch de geunstige lizzing wenje der in soad forinzen. Oerterp is in wei- of streekdoarp. Yn tsjinstelling mei oare weidoarpen is it net troch de ferfeaning ûntstien. De langrekte foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêge tusken de oarspronklike Drait en it Alddjip. De earste bewenning fûn plak op dy sânrêge en moat grif al in tûzend jier âld wêze. De namme Oerterp (Urathorp, mei it Fryske oer = boppe) wurdt ferklearre troch de lizzing oangeande it Alddjip. Oerterp leit boppestreams. Terp betsjut hjir dus doarp. By argeologen genietet Oerterp lânlike bekendheid trochdat yn 1943 by de Prinsendobbe oan de Mounleane resten fûn binne fan rendierjeijers út de ein fan de âlde stientiid, om en de by 10.000 oant 9800 foar Kristus en dus flak nei de leste iistiid. Omdat fergelykbere resten by Hamburch fûn binne stiet dy kultuer bekend as de ‘Hamburchkultuer’.

Oerterp is mei de flink groeide doarpskearn oan twa kanten fan de Weibuorren in opfallend fariearre gehiel. Mei as hichte- en middelpunt de âlde doarpstsjerke oan Selmien. De let middelieuske tsjerke fertoant oan de súdside middelieusk muorrewurk fan benammen giele bakstien fan flink formaat. De sealdaktoer datearret lyk as de tsjerke út de 13e ieu. Al hoe wol de tsjerke altyd in echte toer hân hat, is der yn 1766 noch in dûbele klokkestoel njonken boud. Dy is al inkele kearen fernijd en draacht twa klokken út 1948.

Mear ynformaasje oer Oerterp fine jo op http://www.oerterp.nl/.