De Tynje

De Tynje (Tijnje) is in wendoarp dat leit yn it westlik feangreidegebiet fan Opsterlân. De Tynje leit deun njonken de A7, healwei Drachten en Hearrenfean, en oan de trochgeande wei tusken De Gordyk en Aldeboarn/Akkrum. It doarp leit tichteby it natuergebiet "De Deelen", en leit yn ’e smoute tusken de beammen. It oarspronklike karakter fan dit agrarysk feanûntginningsdoarp wie in weidoarp (wegdorp).

Tijnje (De Tynje) is fernederlânske fan it Fryske wurd tynje, wêrmei oarspronklik in fiskdaam yn in wetterrin oanjûn waard. De Tynje is ûntstien yn de njoggentjinde ieu yn de tiid fan de turfgraverijen yn it leechfeangebiet yn it westen fan Opsterlân. Om en de by 1800 kamen de earste turfgravers en ferfeaners nei it gebiet om de Tynje hinne. De bewenners fan De Tynje en Nij Beets hawwe foaral stipe krigen fan de sosjaal-demokraat Ferdinand Domela Nieuwenhuis. In soad minsken brochten har stim út op Domela, dy’t sa yn 1888 yn de Twadde Keamer komme koe.

Ekonomysk sjoen wie de oprjochting yn 1916 fan de koöperative suvelfabryk ‘Volharding II’ fan grut belang foar De Tynje. It betsjutte feitliks de ein fan de ferfeaningsyndustry en der ûntstie in sûne middenstân mei in breed skala oan ambachtlike ienmansbedriuwen. De Tynje hat in eigen natuerswimbad. De Tynje is in aktyf doarp dat ferskate feesten hat. It meast bysûndere foar Fryslân is dat it doarp in karnavalsferieniging hat dy’t al inkele desennia bestiet. De Tynje organisearret ek in ‘trekkerbehendigheidsfeest’ mei westriden yn it kombine racen.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oan de Breewei yn De Tynje steane inkele histoaryske pânen. De eardere grifformearde tsjerke út 1921 oan de Rolbrêgedyk is as betonnen gebou unyk fanwege de arsjitektuer en konstruksje. It stiet op de monumintelist. Oan it begjin fan de Riperwei is it eardere Nederlânsk-herfoarme tsjerkegebou te sjen. Dit tsjerkje is omboud ta in wenning.

Mear ynformaasje oer De Tynje fine jo ophttp://www.tynje.nl/.