Terwispel

Terwispel leit yn it westen fan de gemeente Opsterlân, tichtby De Gordyk, de grutste kearn fan Opsterlân. Terwispel is ien fan de âldere delsettingen fan de gemeente en wie eartiids in boeredoarp.

It doarp leit op de grins tusken twa typen fan lânskip. West fan it doarp leit it iepen lânskip en east it kûlisselânskip en is der in mingfoarm fan in ‘wegdorp’ en in ‘waterstreekdorp’. De wei ‘De Streek’ en it wetter ‘De Nije Feart’ foarmje in krusing, dêr’t it doarp lâns ûntwikkele is.

It Alddjip (Koningsdiep) hat inkelde sydstreamkes. Ien dêrfan ûntsprong tusken Terwispel en Koartsweagen. De beneaming boppe de stream wie yn folchoarder Mûdjip, Wispel en Alde Ie. De Wispel hat oan Terwispel syn namme jûn.

Terwispel wie in oantal ieuwen lyn in grut doarp sjoen de grutte fan it gebiet. Tegearre mei Beets waard it de heaskuorre fan Opsterlân neamd. De hjoeddeiske Bûtewei hjitte yn 1664 dan ek de Wispeler Hooywech. Terwispel wie in tige útgestrekt doarp tusken De Gordyk, Langsweagen, Aldeboarn en Nij Beets. It doarp wie tin befolke en al hielendal net ryk. De ûntwikkeling fan Terwispel yn de 19e ieu gie hurd troch de lege ferfeaning wêrtroch ‘Venebuurt’, ‘Kolderveen’ en Tynje ûntstienen. Yn de histoarje fan Terwispel spile de striid tsjin it wetter in wichtige rol. Noch altyd is in stikje warberheid út de 15e ieu bewarre bleaun. De bewenners groeven doe sels de Wispelder Walle as beskerming tsjin it opkommend wetter fan benammen de Ie en de Wispel.

Om en de by 1852 waard de Nije Feart groeven. De feart snijde it doarp yn twa helten. De brêge dy’t beide doarpshelten mei elkoar ferbûn waard dan ek de Spaltenbrêge neamd. Op de hoeke by de brêge waard in koöperative suvelfabryk oprjochte. De Nije Feart makket no diel út fan de rekreative farrûte troch de gemeente Opsterlân en Súdeast Fryslân, de Turfrûte.

Mear ynformaasje oer Terwispel fine joop http://www.terwispel.net/.