Sigerswâld

It doarp Sigerswâld (Siegerswoude) leit yn in heal iepen ta iepen heechfeanûntginningsgebiet, op de grins tusken it boarnegebiet fan it Alddjip (Koningsdiep) en de noardlike sânrêch.

Eartiids wienen der trije wengebieten. Yn it noarden ûntstie de buorren by de skâns en dy ûntwikkele him ta it selsstannige doarp Fryske Peallen. Yn it suden waard Bakkefean in selsstannich doarp. En yn it midden, it Foarwurk, ûntstie it Sigerswâld fan hjoed de dei. Yn de Midsieuwen stie der in úthôf fan it kleaster fan Smelle Ie. De turfwinning betsjutte in nije ympuls foar de streek. It oarspronklike sintrum is no de krusing mei de Bakkefeanster Feart. It doarp foarmet tegearre mei it Grinzer De Wilp in ‘twillingdoarp’.