Olterterp

Olterterp, east fan Beetstersweach is it lytste doarp fan de gemeente mei ûngefear 90 ynwenners. Yn Olterterp stiet in tsjerke út 1415 mei in toer út de 18e ieu.

Yn de oan Sint-Hippolytus wijde tsjerke lizze op de tsjerkeflier 17de- en 18de- ieuske sarken. Oan de wanden hingje roubuorden út de 18de ieu foar leden fan wichtige famyljes dy’t yn de omjouwing bûtenferbliuwen yn besit hienen: Boelens, Lycklama à Nijeholt en Hemminga. It tsjerkegebou is oplutsen út kleastermoppen yn goatyske styl. De tsjerke is yn behear by de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Der wurde geregeld konserten jûn.

Yn 1793 waard Boelensstate stichte. Dit bûtenferbliuw waard yn 1907 ferfongen troch ‘Huize Olterterp’, in pleistere filla mei in wulfdak (schilddak) yn in saaklike fernijingsstyl. ‘Huize Olterterp’ is no yn gebrûk by It Fryske Gea. Der stiet in koetshús by en oan de Van Harinxmaweg steane twa tsjinstwenningen. Tichteby Beetstersweach stiet it hearehús De Horst, yn 1907 boud nei ûntwerp fan de Sweachster arsjitekt Luitje de Goed yn fernijingsstyl.

Yn Olterterp stiet it karakteristike hotel-restaurant ‘Het Witte Huis’. In prachtich plak om te útfanhûzjen mar ek foar in besite oan it terras. ‘Het Witte Huis’ yn Olterterp is in moai begjinpunt fan kuiertochten troch Park Olterterp oer it ‘Van Boelensommetje’.