Nij Beets

Nij Beets is in jong streekdoarp, stichte troch feanarbeiders, dat ûntstien is doe’t it winnen fan turf om en de by 1860 begûn. It doarp leit op it grûngebiet dêr’t ea it âlde doarp Beets lei.

De erbarmlike wurk-, wen- en leefomstannichheden fan de arbeiders wienen it begjin fan in felle sosjale striid. Yn Nij Beets kinne jo de skiednis fan de ferfeaningen mei eigen eagen sjen yn It Damshûs. It museum lit de besikers op in fleurige en aktive wize erfare hoe’t leechfeanturf makke waard en hoe’t de feanarbeiders libben en wurken yn de perioade fan 1863 oant sirka 1920. Ek krije jo yn it museum in yndruk fan de feroaring fan it lânskip troch de turfwinning.

Troch it doarp rint it Polderhaadkanaal. Mei de iepening fan dit kanaal yn juli 2015 is wer in ferbining makke tusken de Turfrûte en it Nationaal Park De Alde Feanen. Fan út It Damshûs en it Sudergemaal wurde boattochten organisearre. De Lytse Turfbok faart nei kafee-restaurant Pier’s Hiem. De Lytse Turfbok is in âld restaurearre houten boat, wêrmei eartiids turf ferfierd waard. Dy tocht giet troch it Polderhaadkanaal nei de skildereftige ûnderrin (benedenloop) fan it Alddjip (Koningsdiep). Fan út it Sudergemaal faart men oer in part fan de Turfrûte nei De Deelen. De Deelen is in prachtich natuerreservaat, ûntstien troch de ferfeaning. Fan út it Damshûs kinne jo ek kuierje troch it oarspronklike ferfeaningsgebiet yn de omjouwing fan Nij Beets.

It is noflik wenjen yn Nij Beets. Yn it doarp Nij Beets wenje relatyf sjoen in soad jonge gesinnen mei bern en jongfolk. Nij Beets wol in doarp foar jong en âld wêze.

Mear ynformaasje oer Nij Beets fine jo op http://www.nijbeets.info/.