Lippenhuzen

Lippenhuzen (Lippenhuizen) is fan oarsprong in boeredoarp, dat eartiids Kobunderhuzen neamd waard. Fia de Turfrûte, de prachtige toeristyske farrûte dy’t troch Súdeast-Fryslân rint, is it doarp ferbûn mei De Himrik, De Gordyk en Terwispel.

Dit diel fan de Turfrûte giet troch in skitterjend kûlisselânskip. Rinnend of op de fyts lit it lânskip him bewûnderje. In moai útstapke is de Liphústerheide, in skitterjend heidefjild by it Alddjip lâns. As jo wat ite of drinke wolle, kinne jo yn it doarp terjochte yn ferskate hoareka gelegenheden. En oernachtsje is mooglik op de pleatslike minykamping.

Mear ynformaasje oer Lippenhuzen fine jo op www.lippenhuizeneen.nl.