Langsweagen

Langsweagen (Langezwaag) leit oan de wei fan De Gordyk nei Hearrenfean. It doarp leit op de grins tusken sân- en feangrûnen. West en súd fan Langsweagen is sprake fan in iepen lânskip en east en noard fan Langsweagen hat it lânskip in sletten karakter. Langsweagen leit yn de súdwestlike punt fan de gemeente Opsterlân.

Fan sirka 1550 ôf waard troch de ‘Heeren Compagnie’ fan út Hearrenfean begûn mei it ôfgraven fan heechfean en waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart (Schoterlandse Compagnonsvaart) mei al syn sydtakken groeven om de turf nei Hollân te ferfieren. De haadwei rún fan east nei west, fan Hearrenfean oer Lúkswâld nei de Gordyk. Dy Hegedyk wie tagelyk in wetterkearing. Noard fan de Hegedyk ûntstienen nei de ferfeaning grutte wetterplassen. Troch de oanlis fan polderdiken waarden de droech makke polders geskikt makke foar bou- en greidelân. De namme Langsweagen hâldt ferbân mei de lizzing fan de grûnen. Lang rekte lânen (zwagen) runen eartiids fan it rivierke de Alde Ie yn it noarden oant foarby de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn it suden.

Langsweagen is ien fan de âldere doarpen út de gemeente Opsterlân. De âldere doarpen wienen doarpen fan boeren, dy’t it foaral hawwe moasten fan lânbou (rogge en boekweit). Wol hienen de boeren ek kij en skiep, mar dy waarden benammen holden fanwege de dong.

Mear ynformaasje oer Langsweagen fine jo op http://www.langezwaag.com/.