Lúkswâld

Lúkswâld (Luxwoude) is fan oarsprong in feanûntginningsdoarp en heart ta de lytsere doarpen fan de gemeente Opsterlân. It doarp wurdt karakterisearre troch in lintbebouwing by de Hegedyk, de Alde Leane en de Lúkster Heawei lâns.

De haadfunksje fan it doarp is wenjen. Lúkswâld leit yn it westlik part fan Opsterlân yn it feanûntginningslânskip. It doarp leit deun njonken de autodyk de A7 tusken De Gordyk en Hearrenfean en is te berikken fanôf De Tynje, De Gordyk en Tjalleberd.

Lúkswâld wie lange tiid it lytste doarp fan de grietenij Opsterlân. It doarp telde mar tsien stimhawwende ynwenners. Yn 1749 wennen der noch mar trije gesinnen. Oan de ein fan de achttjinde ieu gie it oantal bewenners omheech troch de turfwinning yn de omjouwing. 

It doarp hat nea in tsjerke hân en hearde yn de 16de ieu tsjerklik by Gersleat yn de oangrinzjende grietenij Aengwirden.