Jonkerslân

Jonkerslân leit oan de súdrâne fan de gemeente Opsterlân, oan de wei fan De Gordyk nei Langsweagen. It doarp hearde oarspronklik by Langsweagen, mar yn 1988 binne beide doarpen opsplitst. Dêrmei waard Jonkerslân ien fan de lytste doarpen fan Opsterlân.

It doarp kin typearre wurde as in streekdoarp sûnder in dúdlik doarpssintrum. Wenjen is de haadfunksje fan it doarp. It doarpssintrum wurdt min of mear bepaald troch it plak fan it doarpshûs en de basisskoalle. 

It lytse doarp bestiet út in aktive befolking. De ûngefear 300 ynwenners hâlde mei elkoar 18 ferienigingen, kommisjes en wurkgroepen yn stân, dy’t har dwaande hâlde mei alderhande fasetten fan de leefberens yn it doarp.

Jonkerslân is opnommen yn ferskate fytsrûtes, dy’t jo troch bosrike gebieten rjochting De Sweach of Oranjewâld liede of troch âlde heide- en feangebieten rjochting Jobbegea en Hoarnstersweach.