Fryske Peallen

Fryske Peallen (Frieschepalen) leit tsjin de grins mei de provinsje Grins en njonken de doarpen Sigerswâld en Oerterp. Fryske Peallen is yn de 18e ieu ûntstien as ûntginningsdoarp yn it heechfeangebiet. It doarp leit oan de Rykswei A7 fan Hearrenfean nei Grins.

Mei de peallen yn de doarpsnamme wurde de grinspeallen by de grins lâns mei de provinsje Grins bedoeld.  Fryske Peallen is pas yn 1953 beneamd ta selsstannich doarp. Dêrfoar makke Fryske Peallen diel út fan Sigerswâld.

Fan ûngefear 1660 ôf waard de Grutte Feanfeart nei Bakkefean groeven om de feanen yn it noardeasten fan Opsterlân eksploitearje te kinnen. By Fryske Peallen makke dy feart mei ferlaat en klapbrêge in bûging nei it súdeasten. Der stienen inkele huzen en in herberch. De feart is dimpt en no is de Tolheksleane de haadier fan it doarp, in leane mei moaie iken en bebouwing fan benammen frijsteande wenningen, inkele pleatsen en in tsjerkje mei dakruter út 1928.

By Fryske Peallen binne ek de resten fan in skâns yn it lânskip te finen. Yn it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch moast de rêst yn Fryslân ferdedige wurde mei help fan skânsen op strategyske plakken. Oan de ein fan de 16de ieu waard der ek in eksimplaar by it hjoeddeistige Fryske Peallen makke. De skâns is oan it lot oerlitten, in 1672 wer opmakke en dêrnei wer ferfallen.