Drachten-Asân

Op ekonomysk gebiet wurkje de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân gear. It bedriuwepark Drachten-Asân is dêr in resultaat fan. Dit bedriuweterrein leit strategysk oan de Rykswei A7 op de krusing mei de N31 (Wâldwei).

Bedriuwepark Drachten-Asân Súd leit op it grûngebiet fan de gemeente Opsterlân. Dêr kinne jo medium- en hightech produksjebedriuwen, gruthannel, transport- en distribúsjebedriuwen fine. De grutte fan de kavels fariearje fan 5000 m2 oant 5 ha. Bedriuwepark Asân-Noard leit op it grûngebiet fan Smellingerlân. Eksploitaasje fan it bedriuwepark is yn hannen fan Eksploitaasjemaatskippij Bedriuwepark Drachten-Asân; in gearwurkingsferbân tusken Smellingerlân en Opsterlân.

Wolle jo mear witte oer it bedriuwepark Asân- Súd of hawwe jo ynteresse yn in kavel? Nim dan kontakt op mei it tiim Ekonomyske Saken, tillefoan (0512) 386 235, e-mail economischezaken@opsterland.nl.