De Himrik

De Himrik (Hemrik) is in lyts sfearfol doarpke yn it suden fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit oan de wei fan Wynjewâld nei De Gordyk. Yn de omjouwing fan De Himrik is it unike kûlisselânskip te finen. It kûlisselânskip bestiet út greidlân mei houtwâlen (houtsingels).

Yn de omjouwing binne ferskate kuier-, fyts- en ruterpaden te finen. De Himrik leit yn it heidelânskip en tichteby de delte fan de rivier it Alddjip.

De Himrik leit oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart (Opsterlandse Compagnonsvaart). De Opsterlânske Kompanjonsfeart foarmet yn it lânskip in opfallend elemint. De feart waard eartiids brûkt foar de ôffier fan turf. Tsjintwurdich makket de Opsterlânske Kompanjonsfeart diel út fan de Turfrûte, in toeristyske farrûte dy ’t dwers troch Súdeast Fryslân giet. By de Turfrûte lâns steane karakteristike en sfearbepalende slúswachterswenningen. Jo kinne mei de boat oanlizze yn De Himrik en rinnend of op de fyts de moaie omjouwing ferkenne.                                     

In bysûnder objekt yn De Himrik is de Trambrêge. Dy leit oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart en wie ûnderdiel fan it trasee fan de eardere tramwei Easterwâlde - De Gordyk. Yn it doarpke is ‘It Koetshûs’ in moai plakje om efkes út te rêsten en wat te iten of te drinken. Foar bern is der ek genôch te belibjen yn De Himrik. Efkes bûten it doarp leit it aventoerlike ‘speelbos Sparjeburd’ fan Steatsboskbehear. En De Himrik hat in iepenloftswimbad flak by it oanlisplak fan de Turfrûte. Ek stoetery ‘Het Swarte Peart” en ‘De Woudimker’ binne sûnder mis it besykjen wurdich. Yn de omjouwing fan it doarp binne ferskate campings, bêd & brochjes en hotels.

Yn De Himrik steane twa prachtige histoaryske tsjerkjes. Sa is der de prachtige wite tsjerke mei klokkestoel en yn it sintrum in tsjerkje út de 12de ieu ek mei klokkestoel, mei begraafplak ynklusyf grêfkelder fan in begoede famylje.

Mear ynformaasje oer De Himrik fine je op http://www.dehimrik.nl/.