De Gordyk

De Gordyk (Gorredijk) is it grutste doarp fan Opsterlân. It doarp hat in sintrumfunksje foar de omlizzende doarpen. De Gordyk hat in heech foarsjenningennivo en is dêrom in noflik plak om te wenjen en te rekreëarjen.

Op De Gordyk fine jo de biblioteek, in swimbad mei greide om yn de sinne te lizzen, sportfasiliteiten en multyfunksjoneel sintrum en teater De Skâns. Yn it sintrum fine jo in protte moaie winkeltsjes. As jo fan ‘shoppen’ hâlde kinne jo by útstek terjochte op De Gordyk. Twa kear yn it jier is der in gesellige jiermerk, de Gordykster Merk. Dy wurdt hâlden op de earste moandei yn maaie en de leste moandei yn oktober. En elke woansdei is der in wykmerk. Op in oantal freedtejûnen organisearret De Gordyk ‘Musyk op’e Gordyk', wêrby ‘live’ muzyk presintearre wurdt op in poadium boppe it wetter fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. 

It museum Opsterlân, dat yn in monumintaal skoalgebou út 1887 festige is, is ien fan de nijsgjirrichheden op De Gordyk. It museum toant de histoarje fan it doarp mei faak wikseljende tematentoanstellingen. De Gordyk hat in tal fan prachtige keapmanshûzen en oare âlde pânen benammen by de Kompanjonsfeart lâns.

Skiednis

De Gordyk is troch it winnen fan turf ûntstien. De Gordyk is in saneamde "Vlecke", dêr’t yn it ferline guod ynfierd waard, opslein en ferhannele. Op De Gordyk waard benammen in soad turf trochfierd. In dúdlik sichtber oantinken oan dy tiid fan de turfwinning is de Opsterlânske Kompanjonsfeart (Opsterlandse Compagnonsvaart), dy’t dwers troch it doarp rint. Dy feart makket diel út fan de Turfrûte, in prachtige griene rekreative farrûte, dy’t benammen yn de simmer foar in gesellige drokte yn it doarp soarget.  

De Gordyk hat in ryk Joadsk ferline mei in synagoge en in Joadske skoalle. Yn in stik greidlân súd fan De Gordyk fine jo oan de Dwersfeart noch in histoarysk Joadske begraafplak. In stil plakje, dat de muoite wurdich is om te besykjen by in kuier- of fytstocht.

Mear ynformaasje oer De Gordyk fine jo op www.grootgelijknaargorredijk.nl.