Beetstersweach

Beetstersweach (Beetsterzwaag) is in karakterfol, sfearfol en stylfol doarp yn it hert fan de Fryske Wâlden. Beetstersweach wie eartiids in doarp mei oansjen. Net foar neat stie Beetstersweach ek wol bekend as it ‘Wassenaar fan it Noarden’.

Ferskate monumintale pânen en tunen yn de Haadstrjitte, dy’t op syn minst trije en in heale ieu âld binne, binne stille tsjûgen fan de rike adellike bewenners yn de 18e en 19e ieu. De tunen bij de bûtenpleatsen, oait ta geniet fan inkelen, steane no iepen foar elkenien. Beetstersweach telt 46 ryksmonuminten, mar is ek in modern doarp, dat libbet as in hert. Histoaryske rykdommen wurde mei hjoeddeiske oantreklikens kombinearre: restaurants dy’t stylfol binne, bysûndere winkels en boetyks, prachtige kuier- en fytsmooglikheden yn de bosken en alle keunstsinnige galeryen.

Beetstersweach krige lânlike bekendheid mei it bûten en hotel Lauswolt as de ‘geheime’ lokaasje foar de besprekkingen dy’t úteinlik laat hawwe ta it kabinet Balkenende IV. De kar fan de politike lieders foar dizze omjouwing is net frjemd: fier fuort fan alle hektyk, skadich en mei de nedige grandeur.

Utsein Lauswolt, mei syn prachtige golfbaan, leit hjir ek it fraaie yn lânskipsstyl oanleine Park Olterterp. Yn it lânhûs mei deselde namme sit It Fryske Gea, de provinsjale ferieniging foar natuerbeskerming.

Mear ynformaasje oer Beetstersweach fine jo op http://www.beetsterzwaagnatuurlijk.nl/