Bakkefean

Bakkefean (Bakkeveen) is in prachtich doarp tichtby it punt fan trije provinsjes: Fryslân, Grins en Drinte. In bûtengewoan stikje Fryslân dêr’t it bosk, de heide en dúnen de boppetoan fiere. In doarp dêr’t jo hearlik kuierje kinne, fytse mar ek fakânsje fiere kinne. Want Bakkefean hat foar elkenien wol wat.

Bij Bakkefean lizze de Bakkefeanster Dunen. Dit is in heide- en boskgebiet dat net oantaasten is troch de ûntfeaning yn de 19e ieu. Sa seach hiel Súdeast Fryslân der twa ieuwen lyn út. Fan út de ienige skieppeskuorre yn Fryslân wurdt de neistlizzende heide fan Allardseach en de heide fan Bakkefean troch in keppel skiep beweide.

Bakkefean leit yn it eastlik streamgebiet fan it rivierke it Keningsdjip of Alddjip dat noardeastlik fan Bakkefean ûntspringt. It beekdal fan it Alddjip sil stadichoan syn oarspronklike kronkeljende rin werom krije

It Bûten de Slotpleats by Bakkefean is ien fan de gruttere Fryske boskgebieten mei in stjerreskâns, in klassike tún mei slotgrêft en statige bûkeleanen. Efter de Slotpleats stiet it âlde koetshús dat yn gebrûk is as VVV-kantoar mei in argeologysk sintrum.

Mear ynformaasje oer Bakkefean fine jo op www.bakkeveen.nl.