Doarpen

De gemeente Opsterlân bestiet út 16 doarpen, mei de Gordyk, Oerterp en Beetstersweach as grutste kernen.

  • Bakkefean

    Bakkefean (Bakkeveen) is in prachtich doarp tichtby it punt fan trije provinsjes: Fryslân, Grins en Drinte. In bûtengewoan stikje Fryslân dêr’t it bosk, de heide en dúnen de boppetoan fiere. In doarp dêr’t jo hearlik kuierje kinne, fytse mar ek fakânsje fiere kinne. Want Bakkefean hat foar elkenien wol wat.

  • Beetstersweach

    Beetstersweach (Beetsterzwaag) is in karakterfol, sfearfol en stylfol doarp yn it hert fan de Fryske Wâlden. Beetstersweach wie eartiids in doarp mei oansjen. Net foar neat stie Beetstersweach ek wol bekend as it ‘Wassenaar fan it Noarden’.

  • Drachten-Asân

    Op ekonomysk gebiet wurkje de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân gear. It bedriuwepark Drachten-Asân is dêr in resultaat fan. Dit bedriuweterrein leit strategysk oan de Rykswei A7 op de krusing mei de N31 (Wâldwei).

  • Fryske Peallen

    Fryske Peallen (Frieschepalen) leit tsjin de grins mei de provinsje Grins en njonken de doarpen Sigerswâld en Oerterp. Fryske Peallen is yn de 18e ieu ûntstien as ûntginningsdoarp yn it heechfeangebiet. It doarp leit oan de Rykswei A7 fan Hearrenfean nei Grins.

  • De Gordyk

    De Gordyk (Gorredijk) is it grutste doarp fan Opsterlân. It doarp hat in sintrumfunksje foar de omlizzende doarpen. De Gordyk hat in heech foarsjenningennivo en is dêrom in noflik plak om te wenjen en te rekreëarjen.

  • De Himrik

    De Himrik (Hemrik) is in lyts sfearfol doarpke yn it suden fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit oan de wei fan Wynjewâld nei De Gordyk. Yn de omjouwing fan De Himrik is it unike kûlisselânskip te finen. It kûlisselânskip bestiet út greidlân mei houtwâlen (houtsingels).

  • Jonkerslân

    Jonkerslân leit oan de súdrâne fan de gemeente Opsterlân, oan de wei fan De Gordyk nei Langsweagen. It doarp hearde oarspronklik by Langsweagen, mar yn 1988 binne beide doarpen opsplitst. Dêrmei waard Jonkerslân ien fan de lytste doarpen fan Opsterlân.

  • Langsweagen

    Langsweagen (Langezwaag) leit oan de wei fan De Gordyk nei Hearrenfean. It doarp leit op de grins tusken sân- en feangrûnen. West en súd fan Langsweagen is sprake fan in iepen lânskip en east en noard fan Langsweagen hat it lânskip in sletten karakter. Langsweagen leit yn de súdwestlike punt fan de gemeente Opsterlân.

  • Lippenhuzen

    Lippenhuzen (Lippenhuizen) is fan oarsprong in boeredoarp, dat eartiids Kobunderhuzen neamd waard. Fia de Turfrûte, de prachtige toeristyske farrûte dy’t troch Súdeast-Fryslân rint, is it doarp ferbûn mei De Himrik, De Gordyk en Terwispel.

  • Lúkswâld

    Lúkswâld (Luxwoude) is fan oarsprong in feanûntginningsdoarp en heart ta de lytsere doarpen fan de gemeente Opsterlân. It doarp wurdt karakterisearre troch in lintbebouwing by de Hegedyk, de Alde Leane en de Lúkster Heawei lâns.

  • Nij Beets

    Nij Beets is in jong streekdoarp, stichte troch feanarbeiders, dat ûntstien is doe’t it winnen fan turf om en de by 1860 begûn. It doarp leit op it grûngebiet dêr’t ea it âlde doarp Beets lei.

  • Olterterp

    Olterterp, east fan Beetstersweach is it lytste doarp fan de gemeente mei ûngefear 90 ynwenners. Yn Olterterp stiet in tsjerke út 1415 mei in toer út de 18e ieu.

  • Sigerswâld

    It doarp Sigerswâld (Siegerswoude) leit yn in heal iepen ta iepen heechfeanûntginningsgebiet, op de grins tusken it boarnegebiet fan it Alddjip (Koningsdiep) en de noardlike sânrêch.

  • Terwispel

    Terwispel leit yn it westen fan de gemeente Opsterlân, tichtby De Gordyk, de grutste kearn fan Opsterlân. Terwispel is ien fan de âldere delsettingen fan de gemeente en wie eartiids in boeredoarp.

  • De Tynje

    De Tynje (Tijnje) is in wendoarp dat leit yn it westlik feangreidegebiet fan Opsterlân. De Tynje leit deun njonken de A7, healwei Drachten en Hearrenfean, en oan de trochgeande wei tusken De Gordyk en Aldeboarn/Akkrum. It doarp leit tichteby it natuergebiet "De Deelen", en leit yn ’e smoute tusken de beammen. It oarspronklike karakter fan dit agrarysk feanûntginningsdoarp wie in weidoarp (wegdorp).

  • Oerterp

    Oerterp (Ureterp) is ien fan de âldere boeredelsettingen op de hegere sânrêgen noard fan it Alddjip (Koningsdiep). It doarp leit inkele kilometers súdeast fan Drachten, oan de wei fan Beetstersweach nei Sigerswâld.

  • Wynjewâld

    Wynjewâld (Wijnjewoude) is ien fan de âldere boeredelsettingen yn Opsterlân. Wynjewâld leit tusken Bakkefean en de Himrik flak by de eastgrins fan de gemeente Opsterlân, oan de N31 (Easterwâlde - Drachten).